
De provinsje wol it Nederlânsk boppe it Frysk sette op twatalige ferkearsbuorden. Dêrmei wurdt it Frysk twadderangs makke yn eigen provinsje. Dat kin en mei net. It Frysk moat, as ús eigen taal, boppe-oan stean: foar status, sichtberens en echte lykweardigens.
https://fryskboppeoan.petities.nl
De Fryske Beweging en alle Friezen dy’t it Frysk serieus nimme
de Provinsje Fryslân fan doel is om op nije twatalige ferkearsbuorden it Nederlânsk boppe it Frysk te setten, wylst it Frysk hjir de eigen taal is en krekt ekstra stipe en sichtberens nedich hat. Sa wurdt ús taal formeel nei it twadde plak ferwiisd en as fuotnoat delset, wat yn striid is mei de ambysje fan echte lykweardige twataligens yn Fryslân.
de Provinsje Fryslân om dit plan oan te passen en te kiezen foar it Frysk boppe-oan op twatalige ferkearsbuorden, sadat ús eigen taal de status en sichtberens krijt dy’t er fertsjinnet. Dan jout de provinsje it goede sinjaal: dat it Frysk hjir net twadderangs is, mar folweardich meispilet yn in echt twatalich Fryslân.