U, de petitionaris
Lesbos begin 2017  %281%29

Befrij flechtlingen út tintsjes midden yn drek en smoargens, wês wolkom

352 ondertekeningen

Klomjende flechtlingen yn tintsjes midden yn izige kjeld en wietens is tryst en beskamjend. Do silst dêr as frou ûngesteld wurde, swier wêze, as bern siik wêze en as man ferslein fan machteleazens. Gelokkich wize Fryske rieds- en steateleden it kabinet op in soad lege plakken yn AZC’s.

Petitie

Wij

Wy fine dat de lege plakken yn Fryske AZC's foar klomjende bern en wanhopige âlden binne, wy brûke it demokratyske petysjerjocht.

 

constateren dat:

- Help is der amper foar de minsken dy't feiligens sykje.

  • Earst in soad jild foar in minskesmokkelder, dan hoopfol yn in propfol boatsje, oaren geane dea, do oerlibbest. Der is gjin paad werom. En dan wurdt it nei moannen bivakkearjen, winter yn it tintekamp...

  • Dit is ûnminsklik, ynhumaan en yn striid mei minskerjochten.

  • Fansels binne de Turkijedeal en it ryksbelied lestich. KOM OP POLITYK, der binne mear as 1000 lege asylplakken yn Fryslân.

 

en verzoeken

Wy fersykje de Fryske polityk driuwend: befrij in tal húshâldings út dy minskûnweardige kampen. Kom op politiyk, hakje de knoop troch. Hannelje neffens it Flechtlingeferdrach: foar flechtlingen heart der in plak op ierde te wêzen dat feilich en leefber is.

Helje flechtlingen út harren kâlde tintsjes en húsfest se yn de lege plakken fan de AZC's.

Wês wolkom, wy hawwe foar jimme brea & brochje.

Ondertekenen

 
We e-mailen u een link waarmee u uw ondertekening kunt bevestigen. Uw gegevens worden niet doorgespeeld aan derden en blijven bij de Stichting Petities.nl. Meer hierover leest u in onze privacyverklaring.

Details

Ontvanger:
Provincie Fryslân 
Petitieloket:
Einddatum:
14-03-2017 
Petitionaris:
Corry Nicolay 
Website:

Geschiedenis

Ondertekeningen