Deputearre Steaten fan Fryslân ha beslúten de finansjele bydrage oan Froeks.TV stop te setten. At it oan Deputearre Steaten leit krijt de Frysktalige webside al mei yngong fan it nije jier gjin jild mear. It gefolch is dat Froeks.TV mooglik ynkoarten offline giet.
Jongeren út Fryslân, Fryske jongeren fan bûten Fryslân en besikers fan Froeks.TV.
Dat Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân beslúten hat de bydrage oan Froeks.TV stop te setten en dêrmei de website op swart te setten.
Dat jongerensite Froeks.TV eltse moanne 50.000 besikers op har content lûkt.
Dat de provinsje Fryslân wol jild besteegje wol oan tydskriften, dyt rjochte binne op lytsere doelgroepen sa as âlderen.
Mar net oan nije media inisjativen as Froeks.TV dy't folle mear, en benammen jongere minsken berikt.
De bydrage oan Froeks.TV net stop te setten, sadat Froeks.TV trochgean kin mei it meitsjen fan programmas foar en troch jongerein.